Achmeatoer
Ut Wikipedy
De Achmeatoer is in kantoarflat yn it sintrum fan Ljouwert. It gebou is 115 meter heech en hat 24 ferdjippings. Hjirmei is de Achmeatoer it heechste gebou fan Ljouwert en tagelyk fan Fryslân en de rest fan hiel Noard-Nederlân.
De toer is boud yn opdracht fan Achmea Fêstgoed en ûntwurpen troch de arsjitekten Abe Bonnema en Jan van der Leij fan Bonnema Arsjitekten út Hurdegaryp. Yn 2002 is de toer oplevere. De Achmeatoer is oant fier yn de omjouwing fan Ljouwert te sjen.
Karakteristyk binne de swarte platen fan natuerstien dy't oan it gebou fêstmakke binne. Yn 2001 en 2002 liet mei in stoarm in oantal fan dizze platen los, wêrtroch't de strjitten der omhinne ôfsetten wurde moasten.
[bewurkje seksje] Beswierren
De bou fan de Achmeatoer joech yn 1999 al beswierren fan de loftfeartside, yn ferbân mei de tichtbylizzende militêre fleanbasis Ljouwert. Mar de bou waard dochs tastien fanwege it maatskiplik belang fan de toer. Arsjitektenburo Bonnema pleatste tsjin it sin fjouwer ljochtsjes op de hoekpunten. Letter waarden dizze ljochtsjes ferfongen troch in ljochtbalke dy't hielendal om de top fan de toer rint.
Troch nije foarskriften fan dyselde Ryksloftfearttsjinst is it net mear tastien om binnen in striel fan fjouwer kilometer om de fleanbasis heger te bouwen as 45 meter.
zakłady bukmacherskie tutaj bielizna Filmy zarządzanie procesami biznesowymi