Skiednis fan Fryslân - Wikipedy

Skiednis fan Fryslân

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de midsieuwen
Fryske Ryk (6e ieu-734)
Fryske Frijheid (11e ieu-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsieuwen
Frisian flag.svg Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Flag ommelanden.gif Grinzer Ommelannen
Flag of East Frisia.svg East-Frysk Greefskip en Prinsdom (1464-1744)


Hjoed
Frisian flag.svg Westerlauwersk-Fryslân
Flag Groningen.png Grinslân (gjin lid fan 'e Fryske rie)
Flag of East Frisia.svg East-Fryslân
Nordfriesischeflagge.svg Noard-Fryslân

It artikel oer de skiednis fan Fryslân beskriuwt de skiedkundige ûntjouwing fan sawol de provinsje Fryslân as dat fan it 'gruttere Fryslân'. Yn dat ramt wurde alle Fryske gebieten beskreaun, dy't troch de taal, kultuer, histoarje of polityk ferbûn binne mei de Fryske skiednis.

De skiednis fan Fryslân rint lykop mei de skiednis fan de Friezen. De Friezen teagen sa likernôch yn de 4e ieu f. Kr. nei it kustgebiet oan de súdlike igge fan de Noardsee. Geakundich sjoen in bysûnder lânskip troch de ynfloed fan de see en it terpelân.

Om 700 hinne is Fryslân in heidensk lân. Yn de 8e en 11e ieu wurdt Noard-Fryslân fan Friezen befolke, mar ûntjout himsels frij fan de oare Fryslannen. Yn de lette midsieuwen ferienigje de frije Fryske lannen (Fryske frijheid) har yn it Upstalbeambûn. Troch ûntwikkelingen yn de 15e en 16e ieu falle de Fryske gebieten útinoar: Westfryslân en de provinsjes Fryslân en Grinslân komme yn Nederlânsk steatsferbân. East-Fryslân bliuwt oant 1744 in greefskip yn it Hillige Roomske Ryk, dat as de foarrinder sjoen wurde kin fan Dútslân, dat as nasjonale steat yn 1871 oprjochte waard. Noard-Fryslân dat hiel lang ûnder Denemark foel, komt yn de 19e ieu foarfêst by Dútslân.

De skiednis fan Fryslân as provinsje begjint yn de 16e ieu mei it Hearlikheid Fryslân. Yn de Frânske tiid heart East-Fryslân in jiermannich by de Frânske fasalsteat Nederlân. Nei de Frânske tiid wurdt it eardere Hearlikheid Fryslân yn it jier 1814 in provinsje fan Nederlân.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Prehistoarje

De âldste fynsten fan minsken yn Fryslân binne dien yn Aldeholtpea en stamje fan om-ende-by 100.000 jier lyn. Hjir is in fûstbile fûn dy't fan in Neandertaler wie. Oft sy hjir permanint wennen is ûnwiis, fermoedlik hawwe sy it Fryske gebiet trochlutsen op jacht nei mammoeten. Yn de tiidrekken dy't derop folgen, dy fan de iistiden, wie Fryslân net bewenne.

[bewurkje seksje] Hamburgerkultuer

By Oerterp en op oare plakken yn de Wâlden binne op de ein fan de Würmiistiid wer minsken ferskynd. De restanten dy't hjir fûn binne stamje út 13.000 f.Kr. en tsjutte op de oanwêzigens fan groepen rindierjagers. Dizze minsken wurde rekkene ta de Hamburchkultuer. It lânskip fan Fryslân yn dy tiid hie doe in soad wei fan in toendra, dêr't keppels rindieren libben. De grûn wie beferzen en allinnich leech strewelte en bepaalde moassoarten tiere goed yn de kjeld. De seespegel lei 65 meter leger as tsjintwurdich, en de Noardsee wie sawat droech. De rindierjagers hawwe in soad spoaren efter litten.

[bewurkje seksje] Tsjongerkultuer

Om-ende-by 10.000 f.Kr hat in folk fan jagers en samlers rûn de Tsjonger libbe. Nei it fynplak fan harren resten wurde dizze prehistoaryske bewenners ta de Tsjongerkultuer rekkene. Dizze minsken hawwe nei alle gedachten yn de Fryske omkriten wenne yn de oergongsfase fan de iistiden nei in waarmer geologysk tiidrek, it Holoseen.

[bewurkje seksje] De Oer-Friezen

De earste fêste bewenners fan Fryslân libben nei alle gedachten op de sângrûnen yn it súdeasten fan de provinsje. Sy wienen ôfkomstich út Drinte. Troch útwreiding fan it fean rûn harren libbensromte hieltyd fierder tebek, dêr't famyljes troch fuort lutsen nei de oanloklike fruchtbere klaaigebieten bylâns de kust. Stadichoan waakste de kultuer fan dizze famyljes út ta in eigen Fryske kultuer.

[bewurkje seksje] De Romeinske tiid

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Romeinen yn Fryslân.

Oan it begjin fan ús jiertelling skreaunen de Romeinen fan de Friezen oan de kust fan de Noardsee. Om't de Friezen útwreiden nei it suden wylst de Romeinen nei it noarden kamen, moeten de twa folken inoar, en doe't de Romeinen in grins fêststeld hienen, wienen der Friezen binnen en bûten it Romeinske Ryk. De Romeinen hienen it oer Frisiavones foar de minsken dy't besuden de Ryn wennen, en dêrmei part fan it ryk wienen, en fan Frisii foar de lju oer de Ryn, dy't gjin fêst part fan it ryk wienen, al waarden se al troch de Romeinen betwongen. Sjoen troch de eagen fan de Romeinen wienen de Frisii in nuver folk, om't se libben yn in gebiet dat twa kear deis ûnder wetter rekke.

[bewurkje seksje] Midsieuwen

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Fryslân yn de Midsieuwen.

[bewurkje seksje] Grutte Folkeferfarren

Doe't de see wer heger kaam en de Romeinen harren mei dêrtroch werom lutsen nei it súden, lutsen ek Friezen yn dy rjochting, en foarmen nei gedachten mei oare Franken it ferbûn fan de spearen. Of der Friezen tebekbleaunen yn as by it oerstreamde Fryslân, en of it Grutte Folkeferfarren faaks nije folken nei it gebiet brocht is ûnwis. Al is dúdlik dat by it weromloeken fan de see op 'e nij in Fryske gebiet groeide, dêr't de ynwenners fansels "Friezen" fan neamd waarden. Dy Friezen wienen mei de Angel-Saksen nei Ingelân kaam, dêr't se harren fêstigen yn de eastlike kriten. Dy Friezen gouwen yn dy tiid as in folk fan seefarders; sa docht bliken dat de Noardsee yn dy tiid de Mare Frisicum (Fryske See) neamd waard. It gebiet fan 'e Friezen woeks út oant it yn de 7e ieu rikte oant de Weser yn it easten ta, en oant Brugge yn it suden. Stêden as Utert (stêd) en Dorestêd moatte wichtige Frykse hannelsstêden west hawwe.

Yn it lege lân libben de Friezen yn in altyd trochgeande striid mei it wetter. Oan de iene kant wie dêr de klaai, dy't twa kear deis ferdwûn yn see, oan de oare kant it fean, dat omleech gong as it bewenne waard. De Friezen bouden terpen, en letter ek diken as beskerming.

[bewurkje seksje] Fryske Ryk (600-734)

Utwreiding en delgong fan it Fryske Ryk.
1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Fryske Ryk.

Yn boarnen oer de lieders fan de Friezen wurdt praat oer Hartoggen en Keningen. It giet hjir lykwols net om oare persoanen, mar om in oare behanneling fan de skiednis. Hokfoar titels de Friezen sels brûkten is net bekend, mar skiedkundigen wize harren in titel ta op grûn fan de posysje dy't guon fan harren hienen as ûnderhearrigen fan de Frankyske lieders. Oflaat fan de Frankyske keningstitel, jout dit de Fryske lieders de titel fan Hartoch. Mar útgeand fan de lettere keizerstitel wurdt de titel fan de Fryske lieders Kening. Yn Anglosaksyske boarnen wurde de Fryske keningen ek 'Kening' neamd. Fanâlds wurdt troch de Friezen altyd fan 'Kening Redbad' praat.

Fan de 5e, 6e en 7e ieu binne der ferskillende nammen fan Fryske ealju bekend. Hja wurde yn ferskillende boarnen neamd. Mooglike keningen binne Finn Folcwalding, Audulfus en Ritzard.

It is net bekend wannear't Aldgilles kening wurden is, mar neffens de boarnen stoar er yn it jier 680. Syn opfolger wie Redbad, it krekte jier fan opfolging is net bekend. Wylst Aldgilles de kerstening fan syn folk troch kristlike missionarissen taliet, is Redbad in tsjinstanner fan it Kristendom. Under Kening Redbad wurde de Frysk-Frankyske oarloggen fochten. By syn dea yn 719 lit er in grut heidensk Fryslân nei. Syn opfolger Poppo hat minder sukses. Yn 734 wurdt hy yn de Slach oan de Boarn ferslein troch de Franken.

Fryslân eastlik fan de Lauwers wurdt yn 772 ynlive by it Frankryske Ryk.

[bewurkje seksje] Kerstening en seediken (734-1101)

Fryslân yn it Hillige Roomske Ryk.

Besuden de âlde grins fan it Romeinske ryk moeten de Friezen op 'e nij in sterker folk, de Franken, en de grins waard werombrocht ta de Ryn. Uteinlik betwongen ek de Franken de Friezen, mar ek sy hienen eins net folle ynfloed yn it gebiet. Formeel wienen de Friezen part fan it Hillige Roomske Ryk, mar feitliken wienen de Friezen noch selsstannich.

De Frankyske keningen wie der net yn slagge de befolking foldwaande te behoedzjen foar de oanfallen fan de Wytsingen. Dat makke dat it folk beskerming soch by de pleatslike adel, dy't sa har posysje fuortsterkeje koe ta skea fan de kening.(Foarbyld: ûnder lieding fan lokale adel ferjoech men yn Eastergoa yn 873 in groep Noarmannen).[1]

Yn it begjin fan it twadde millennium gongen de Friezen noch fierder, nei de westkust fan Jutlân. Dat wie lykwols net langer in útwreiding fan harren gebiet, mar mear in emigraasje. Mei it súkses fan de Hânze rûn it belang fan de Friezen werom. Yn dy tiid ûntstie ek in eigen Fryske adel, en de Friezen as folk rekken opsplitst, ôfhinklik fan hoe't dy eallju ynpast waarden yn it bûtenlânske feodale systeem.

Nei de dea fan Karel de Grutte wie it Frankyske Ryk oer har hichtepunt hinne. Under syn opfolgers soe it ryk stadichoan útinoar falle yn in eastlik en westlik part. De Fryske greefskippen kamen by it westlik part te hearren dêr't it Hillige Roomske Ryk him út ûntwikkele soe. De Noarske Wytsingen makke gebrûk fan de swakkens fan it Ryk en teisterjen de kustgebieten. De wichtige Fryske hannelsstêd Dorestêd waard ferskate kearen plondere en bewenners waarden finzen nommen en troch de Wytsingen earne oars ferkocht as slaven.

De Frankyske keningen koenen neat ynbringen tsjin de ynfallen en besochten de Wytsingenlieders oan har te binen troch grutte gebieten yn lien fuort te jaan. Yn 879 waarden de Fryske gebieten in hartochdom dat ûnder lieding stie fan de Noarman Godfried. Hy waard yn 885 fermoarde troch de Fryske greve Gerolf, dy't mei dizze died it Frankyske Ryk befrijde fan de Wytsingen.

Yn de 11e ieu ûntstie yn de tsjintwurdige provinsje Fryslân it Greefskip Mid-Fryslân dat ûnder bewâld stie fan de Brunoanen. Doe't Keizer Hindrik IV it gebiet yn 1088 tige tsjin it sin fan de Fryske greve Egbert II oerdroech oan de biskop fan Utert, kaam dy tsjin de keizer (syn neef) yn opstân. Nei de dea fan Egbert yn 1090 folge Hindrik de Fette him op as greve fan Mid-Fryslân, mar waard op 10 april 1101 fermoarde troch Friezen dy't ûnder leiding stienen fan de biskop fan Utert. Mei dit foarfal set it tiidrek fan de Fryske frijheid útein, dêr't de Friezen harsels sa goed as selsstannich yn bestjoere soenen, nettsjinsteande oanspraken fan Hollân en Utert op it gebiet.

[bewurkje seksje] Fryske Frijheid (1101-1498)

De Fryske lannen om 1300 hinne
1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Fryske Frijheid.
1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Skieringers en Fetkeapers.

Yn it tiidrek fan de Fryske frijheid wie Fryslân oanslute by it grutte gehiel fan de Sân Fryske Seelannen dy't meiïnoar in los ferbân "boererepubliken" foarmen fan West-Fryslân oant foarby Bremen yn Noard-Dútslân. Alle jierren op de tiisdei nei de Pinkster hienen de Fryske lannen in gearkomste rûnom de Opstalbeam yn de omkriten fan it Eastfryske Aurich, dêr't fertsjintwurdigers by inoar kamen om saken te besprekken op it mêd fan rjocht en ferdigening. Fral yn it begjin wurke de boererepubliken goed gear, mar ûnderlinge ferdieldheid foarme lykwols de grutste bedriging. Troch spul tusken de gebieten Hunsingo en Fivelog brúts it ferbûn sawat in ieu op. Doe't de Hollânske greve Willem III yn 1345 Fryslân besocht te oermasterjen stjoerden alle Fryske republiken striders. By Warns waard de Hollânske greve troch de Friezen ferslein. Lang om let feroarsaken twisten tusken Skieringers en Fetkeapers fan ôf de twadde helte fan de 14e ieu foar it útinoar fallen fan it ferbûn.

Yn de Fryske frijheid wurde de earste stêden foarme. Wichtich binne Grins en Emden, omdat se in oerhearskjende posysje yn har omkriten witte op te bouwen, mar der ûntsteane ek stêden dy’t in minder dominant plak ynnimme, lykas Starum, Boalsert, Snits, Frjentsjer, Ljouwert en Dokkum. Yn Grinslân besiket Appingedam it ta stêd te bringen, mar dat wurdt tsjinwurke troch Grins, dat bang is syn steapelfunksje te ferliezen. Yn East-Fryslân liket de saak mear op dy yn Westerlauwersk Fryslân, mei stêdlike ûntjouwings yn Lier, Norden en Jever.

Guon Fryske kleasters wienen yn dy tiid sintra fan ûnderwiis, mar ek yn guon doarpen wiene ûnderwizers, meast geastliken. Skriftlike stikken binne yn it Latyn en it Frysk. Der binne Aldfryske oarkonden fan 1329 oant 1573. Literatuer is der, foarsafier bekend, net skepen. De keunstsinnigens uteret him benammen yn de tsjerkebou en de muorreskilderings yn de tsjerken.

[bewurkje seksje] Kleasters en krústochten

Fryske krúsfarders feroverje de toer fan Damiate.

Der ûntbrekt in greeflik gesach. De fredestiftsjende en oarderhanthavenjende rol fan de greve en hartoch yn oare kriten wurdt yn de Fryske lannen foaral spile troch de machtige abten fan de grutte kleasters. Yn de tolfde ieu wurde ferskillende kleasters boud yn de Fryske lannen. Belangrike kleasters yn de lette midsieuwen wienen Klaarkamp, Mariëngaard en Ihlow. De kleasters wienen net allinnich fan religieus belang, mar ek polityk. De kleasters hienen grutte stikken grûn en hienen eigen skippen foar de hannel. Se hawwe ek bydroegen oan it behâld fan de Fryske frijheid. Sa wie it Kleaster Ihlow de kânselarij fan it bûn fan de Upstalbeam. De measte skriftlike boarnen út de tiid komme út de kleasters. Dêrút docht ûnder oare bliken dat it kleaster tusken twa partijen bemiddele at der in skeel wie.

Fan de earste krústocht is der in skriftlik bewyske fan Fryske partisipaasje. De Friezen hawwe by de earste fjouwer krústochten gjin grutte rol spile (tink dêrby oan de Fryske fjildslach om útens by Tunis). By de fyfte krústocht hienen de measte keningen yn Europa har nocht fan de krústochten. De paus stjoerde lykwols predikers troch Europa om minsken te finen foar de fyfte krústocht. Ut Fryslân wei farren op syn minst 80 skippen nei it heine easten. It grutste sukses by dy krústocht wie de oanfal op de toer fan Damiate yn it hjoeddeiske Egypte. By de achtste krústocht hawwe Friezen diel hân oan de oanfal op Tunis.

[bewurkje seksje] Dieling fan Fryslân (1498-1524)

De Friezen dy't yn de 8e en 11e ieu it hjoeddeiske Noard-Fryslân befolke ha, foelen yn de midsieuwen bûten it bûn fan de Opstalbeam. Oan 'e oare kant wie der Westfryslân, dat al yn de 14e ieu troch de greve fan Hollân ferovere wie. It kearngebiet fan de Friezen, dat rûchwei oerienkomt mei it bûn fan de Opstalbeam, is yn de lette midsieuwen noch in frij gebiet. Yn de 15e ieu is al de basis lein foar it útinoar fallen fan it frije Fryslân:

  1. Yn de provinsjes Fryslân en Grinslân wie in fûle partijstriid oan 'e gong tusken de Skieringers en Fetkeapers. De Skieringer Hessel fan Martena frege oan Albrecht fan Saksen om in sintraal gesach yn Fryslân te fêstigjen. Yn 1498 waard Albrecht fan Saksen troch de keizer fan it Hillige Roomske Ryk beneamd ta potestaat fan de provinsje Fryslân en de Ommelannen.
  2. Yn East-Fryslân krije de haadlingen hieltyd mear macht. Yn 1464 wurdt East-Fryslân in greefskip binnen it Hillige Roomske Ryk. De Fryske frijheid kaam dêrtroch al yn 1464 oan 'e ein.

Wylst East-Fryslân as greefskip binnen it Hillige Roomske Ryk syn selsstannigens foar in grut part hâld, brekt yn Fryslân en de Ommelannen de Saksentiid oan. Yn 1500 wurdt Albrecht fan Saksen opfolge troch Hindrik fan Saksen, dy't yn 1504 opfolge wurdt troch George fan Saksen. Oant 1506 wurken de East-Fryske greve Edzard de Grutte en Saksyske hartoch George fan Saksen yn frede mei-inoar gear. Doe joech Grins him oer oan Edzard, en erkende him tagelyk as hear. Edzard ferklearre dêrop dat er de stêd út namme fan de keizer en net fan Georg ynnommen hie. Hy waard no boppedat oansteld ta steedhâlder oer de Ommelannen, yn teory foar de hartoch fan Saksen, mar yn de praktyk gie er dêr alhiel syn eigen gong. By de Saksyske bestjoerders yn Westerlauwersk Fryslân waard de eangst dat Edzard ek dêr de macht oan him lûke soe, hieltiten grutter. Yn 1512 lieten se dêrom twa foaroansteande Fryske eallju op fertinking fan kontakten mei Edzard yn Ljouwert ûnthalzgje. Yn 1513 slagge it Georg om in grutte koalysje tsjin Edzard ta stân te bringen. Hoewol’t er stipe waard troch de boerebefolking fan de Ommelannen, wie Edzard tsjin Georg en syn bûnsmaten net opwoeksen. De fal fan Appingedam yn 1514, dêr’t hûnderten boargers by fermoarde waarden, betsjutte de ein fan Edzard syn hearskippij oer de Ommelannen. Yn it Greefskip East-Fryslân bliuwt er oan de macht en wurdt it Saksyske Skeel fuortset.

[bewurkje seksje] Saksyske Skeel (1514-1517)

In oar leger fan it Hillige Roomske Ryk ûnder lieding fan de greve fan Aldenboarch falt yn 1514 de Bûtjadinger Friezen oan yn de Slach by Langwarden. Tagelyk foel in oar leger fan it Hillige Roomske Ryk mei 20.000 man in fêsting by de stêd Lier oan. Troch ien kannonskot waard de oanfierder fan dat leger deade en it grutte leger luts him werom. Dêrnei naam it leger fan de greve fan Aldenboarch mei de East-Fryske haadling Hero Omken fan Esens de boarch fan Grutsander yn. Hero Omken gie fierder en fernielde de trije boargen fan Dornum. Ek de fêsting by Stikhuzen gie yn dy rite ferlern. Edzard moast him weromlûke en stuts as dekking it Kleaster Mearhuzen yn 'e brân. De stêd Auwerk waard oanfallen en troch gefjochten en brânstifting alhiel ferneatige. Op in oar front feroveren soldaten fan de 'Swarte Garde' de Kommenderij Dunebroek. Dêrnei folge de ferneatiging fan Buermunken, Tjuche, Lierhaven en Rispel. De Fredeboarch kapitulearre. De boarch fan Aldgeudens waard ferneatige en de Boarch fan Kniphuzen ynnommen. Dêrnei kaam it op 14 juny 1514 by Oldersum ta in gefjocht tusken East-Friezen en de Swarte Garde. Dat wie de earste kear dat de Swarte Garde net fierder kaam. Op 16 augustus waard foar in twadde kear fergees besocht de stêd yn te nimmen. Yn 1515 kearde it tij foar Edzard de Grutte. De boarch by Grutsander en Bûtjadingen wurde werom ferovere. It konflikt duorre noch oant 1517. Yn 1516 gie de skâns by Deteren ferlern. Oan it begjin fan 1517 slagge it Edzard de Grutte om de Fredeboarch werom te feroverjen. Troch de Zeteler Frede fan 3 desimber 1517, tekene mei twa oare greven fan it Hillige Roomske Ryk, wurdt it súdeasten fan East-Fryslân definityf ynlive by Aldenboarch.

[bewurkje seksje] Reboelje fan Grutte Pier (1515-1517)

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Pier Gerlofs Donia.

George fan Saksen ferliest stadichoan dochs syn macht oer Fryslân en de Ommelannen. De Friezen sleaten in ferbûn mei hartoch Karel fan Gelre. George fan Saksen die op 19 maaie 1515 syn oanspraken op Grinslân en Fryslân foar it lytse bedrach fan ƒ100.000 oer oan Karel V fan it Hillige Roomske Ryk. Yn itselde jier wurdt neffens ferhalen de frou fan Pier Gerlofs Donia (Grutte Pier) fermoarde troch Saksyske soldaten. Dêrtroch ûntwikkele hy him ta in fûl bestrider fan Saksyske en Hollânske besetters. Under syn lieding operearre in kapersfloat ûnder de namme De Swarte Heap, fan Makkum en Warkum út op de Sudersee. Doe't yn 1517 bliken die dat foar Fryslân de striid ferlern wie, luts Pier Gerlofs Donia him werom út de striid.

[bewurkje seksje] Hearlikheid Fryslân (1524-1795)

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Hearlikheid Fryslân.

Yn 1499 wurdt troch Albrecht fan Saksen in Rie ynsteld foar it bestjoer en rjochtspraak yn syn Fryske gewesten. In jier letter fynt yn Ljouwert in reboelje plak tsjin de besetter. By dy reboelke bliuwt Wigle fan Aytta trou oan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Yn 1515 is de saksentiid ta in ein en wurdt Keizer Karel V formeel Hear fan Fryslân. Wigle fan Aytta, fan Fryske komôf, gie oer yn tsjinst fan de keizer, dy’t er bystie by it fêstigjen fan syn gesach yn dit balstjurrige gebiet. Doe't Karel V it bestjoer oernaam ynstallearre hy yn 1515 it Hof fan Fryslân. It Hof wie fan 1571 ôf húsfeste yn de Kânselarij.

Kaart fan it Hillige Roomske Ryk út 1648. Westfryslân en de provinsjes Fryslân en Grinslân binne ûnderdiel fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. East-Fryslân is in greefskip yn it Hillige Roomske Ryk. Noard-Fryslân heard by Denemark.

Karel V hie as doel om de Nederlannen om te foarmjen ta ien steat. Dy ûntwikkeling hat beskiedend west foar Westfryslân en de provinsjes Fryslân en Grinslân, dy't tenei by de Nederlannen hearden:

  • Hy makket de Nederlannen los fan it Frânske en Dútske ryksferbân en besiket ta in unifikaasje fan bestjoer te kommen. Yn 1543 wie syn doel helle om fan de Nederlannen ien politike ienheid te meitsjen, de Santjin Provinsjes neamd, bestjoerd troch de Staten-Generaal.
  • Yn 1555 krijt Karel V syn opfolger Filips II fan Spanje de macht oer de Santjin Provinsjes, dy't dan de Spaanske Nederlannen neamd wurde. By de Byldestoarm (1566)wurde yn it súdeasten fan de provinsje Fryslân rykdommen út de roomske tsjerken fernield. Twa jier letter komme de Santjin Provinsjes yn opstân tsjin Filips II, it begjin fan de Tachtichjierrige kriich.
  • Fryslân wurdt yn 1580 ien fan de gewesten yn de Uny fan Utert (oprjochte yn 1979). De katolike súdlike Nederlannen wurde yn datselde jier ferienige yn de Uny fan Atrecht. De Staten-Generaal fan de noardlike gewesten (Uny fan Utert) beslute yn 1588 om it lân sels te bestjoeren yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.
  • Yn 1536 wurde de stêd Grins en de Ommelannen troch Karel V ferienige yn it Hearlikheid Grinslân. Yn 1580 besette Spaanske troepen it hearlikheid. Yn 1591 komme de Ommelannen troch militêre yntervinsje fan Prins Maurits wer by de Republyk, yn 1594 folget de stêd. Dêrby waarden de stêd en de ommelannen tenei ferienige yn ien provinsje, Stad en Lande.

Om 1600 feroaret der yn Fryslân gâns. Fryslân wie as hearlikheid yn de Tachtichjierrige kriich behelle, lykas yn slach by Boksum op 17 jannewaris 1586. Yn 1596 waard troch de Steaten fan Fryslân de Fryske Admiraliteit yn Dokkum fêstige. De keaplju yn de stêden lykas Ljouwert en Harns komme yn kontakt mei Hollânsktalige keaplju, wêrtroch it Stedsfrysk ûntstiet. Op it Fryske plattelân bliuwt it Frysk de earste taal, wylst om 1600 it Frysk yn Grinslân en East-Fryslân út it stee krongen is troch it Leechdútsk. Kultureel sjoen is Gysbert Japiks it hichtepunt fan de Fryske skriuwtaal yn de 17e ieu. Yn syn wurk binne de Europeeske ynfloeden fan de renessânse en de barok te merkbiten. Japiks skreau Fryske literatuer op in heech nivo yn in tiid dat it skreaune Frysk net folle mear brûkt waard. Neist Gysbert Japiks is de East-Fries Ubbo Emmius as Fryske gelearde it neamen wurdich. Hy skreau ûnder oare de "Rerum Frisicarum historiae libri 60", de sechtich boeken fan de Fryske skiednis. Yn 1614 wurdt de Universiteit fan Grins troch him oprjochte.

East-Fryslân bliuwt nei de ein fan it Saksyske Skeel yn 1517 in greefskip yn it Hillige Roomske Ryk. Yn de 16e ieu groeit Emden út ta in machtige East-Fryske havenstêd, dêr't in protte ferfolge protestânsen út de Nederlannen taholden. Yn 1654 wurdt greve Enno Ludwig foarst fan East-Fryslân.

[bewurkje seksje] Steedhâlders

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Steedhâlder.
"Us Heit" Willem Loadewyk

Yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen hie Fryslân fan 1584 oant 1747 in steedhâlderlik hof, krekt as Hollân. De steedhâlders yn Ljouwert wienen steedhâlder oer Fryslân en Grinslân, en soms oare gewesten. De earste fan dizze steedhâlders wie Willem Loadewyk. Hy krige de earenamme "Us Heit" omdat er in soad goeie dingen foar Fryslân die. Troch him waard yn Frjentsjer in universiteit 1585 stifte.

Nei syn dea yn 1620 waard Willem Loadewyk opfolge troch syn broer Ernst Kasimir dy't it steedhâlderskip wer trochjoech oan syn soan Hindrik Kasimir. Beide hienen in koart bewâld en de Fryske Steaten beneamden Willem Freark, in broer fan Hindrik Kasimir, as fjirde steedhâlder.

De Fryske steedhâlders residearren yn Ljouwert dêr't sy op it Princessehof harren steedhâlderlik hof hienen. Willem Freark regearre oant 1664 en waard opfolge troch syn soan Hindrik Kasimir II. Johan Willem Friso, dy't de bernleaze Hollanske steedhâlder Willem III opfolge, wie in pakkesizzer fan Willem Freark. Troch him waard it steedhâlderlik hof opkreaze en waard It Oranjewâld de bûtenpleats fan de Fryske Nassaus. Willem Friso ferdronk by Moerdyk en syn frou Marijke Meu brocht harren soan Willem Karel Hindrik Friso grut. Dizze jonge wie de erfopfolger fan sawol de Fryske Nassaus as de Hollânske Oranjes. Yn 1747 ferfoer er nei De Haach om steedhâlder fan alle gewesten te wurden en wie Ljouwert residinsjestêd ôf.

[bewurkje seksje] Patriotten

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Patriotten.

Oan 'e ein fan de 18e ieu is der in ekonomyske delgong. Der ûntstiet in beweging dy't polityk herfoarmje woe, de patriotten. Foaroanman fan de Fryske patriotten wie Court Lambertus fan Beyma. De patriotten woenen de Prins fan Oranje fuort ha. Se wienen ûntefreden oer hege wurkleazens, de minne posysje fan de VOC, en it ferrin fan de Fjirde Ingelsk-Nederlânske Kriich. Miskien noch wichtiger wie it langstme nei mear demokrasy, ynspirearre troch de Unôfhinklikheidsferklearring fan de Feriene Steaten. It earste súkses fan de patriotten wie de erkenning fan de ûnôfhinklikheid fan de Feriene Steaten op 26 febrewaris 1782[2]; teffens pleite Fan Beyma ek, mar omdôch, foar boargerbewapening.

Fan Beyma syn politike oanfal tsjin it bewâld wie in ferbûn fan ferskate Fryske stêden. Troch dy druk gongen de Steaten fan Fryslân akkoard mei boargerbewaping. Yn Ljouwert en Dokkum waarden fuortendaliks frijkorpsen foarme neist de âlde skutterijen. Nei in besite fan de prins yn 'e hjerst fan 1785 waard de striid fûlder. Yn augustus 1787 late Fan Beyma in kûp yn de Fryske Steaten, neidat dy ferbea stipe oan Hollân te ferlienen. (It gewest Hollân waard bedrige mei in besetting troch in Pruisysk leger, omdat it gjin ferûntskuldigingen oanbiede woe nei de oanhâlding fan Wilhelmina fan Pruisen). Mei in tsiental meistanners setele Fan Beyma him yn Frjentsjer. Wylst organisearre men oanfier fan munysje fia Makkum en de ferdigening fan Frjentsjer. In fleanend legerke frijwilligers besette in oantal Fryske stêden om de ferdielde froedskippen ûnder druk te setten de Pretense Steaten te erkennen en jild binnen te krijen. De ûntknoping kaam troch de ynfal fan de Prusen op 20 septimber 1787. De Patriotten flechten út Frjentsjer (23 septimber) troch de Súdwesthoek neu Amsterdam en Frankryk.

Tusken 1774 en 1781 boude Eise Eisinga it Planetarium yn Frjentsjer. Eisinga waard ferneamd as amateur astronoom, mar wie dêrneist ek in warbere patriot. Hy wie by de besetting fan Frjentsjer. Neidat de patriotten flechten út Frjentsjer gie Eisinga nei Dútslân. Doe't de Frânsen yn 1795 Fryslân besetten, kaam er werom nei Frjentsjer en waard lid fan it provinsjaal bestjoer.

[bewurkje seksje] Frânske tiid (1795-1830)

Mei de komst fan de Frânsken yn 1795 waard de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen opheft en de Bataafske Republyk stiften. Fryslân wie net langer in eigen gewest en by de grûnwetferoarings fan 1798 hâlde it op te besteen as administrative ienheid. It grutste part gong tegearre mei Stêd en Lanne op yn it Departemint fan de Iems, wylst de Sânwâlden nei it Departemint fan de Alde Isel gongen.

Yn 1801 gie de Bataafske Republyk oer yn it Bataafske Gemenebest en waard it Departemint Fryslân foarme. Yn 1806 waard it Bataafske Gemenebest opheft en ferfongen troch it Keninkryk Hollân, wêrfan Loadewyk Napoleon de earste kening waard. Doe’t it Keninkryk Hollân oermastere waard troch Napoleon Bonaparte yn 1810 kaam der wer in nije bestjoerlike yndieling. Diskear krige Fryslân as ienich nij departemint de âlde namme werom, mar meastentiids waard de namme wol yn it Frânsk brûkt: Département de Frise. Nei de kapitulaasje fan Napoleon Bonaparte yn 1814 waard Fryslân in provinsje fan Nederlân, mar sûnder de selsstannigens út de tiid fan de Republyk. De eardere Republyk en de Eastenrykske Nederlannen waarden gearfoege ûnder ien sintraal regearre mei in konstitúsjonele monargy as bestjoersfoarm, it Feriene Keninkryk der Nederlannen, dat nei de ôfskieding fan de Súdlike Nederlannen yn 1830 oergie yn it Keninkryk der Nederlannen.

[bewurkje seksje] Moderne tiid (1830-2000)

[bewurkje seksje] Romantyk & Fryske beweging

De 19e ieu wie ek de tiid fan de romantyk. Yn Fryslân liede dit nei in gruttere ynteresse yn de Fryske skiednis en de Fryske taal. It wie de tiid fan de opkomst fan de Fryske beweging. Oan it begjin fan de 20e ieu waarden tal fan Fryske organisaasjes stifte dy’t harren ynsetten foar Fryslân. It wienen bewegings as de Jongfryske Mienskip, it Kristlik Frysk Selskip en ynstânsjes as de Fryske Akademy. Se setten harren yn foar de Fryske taal en kultuer.

[bewurkje seksje] Ekonomyske delgong

Foar Fryslân wie de 19e ieu in perioade fan relative efterútgong. Dat hie him al ynset yn de tiid fan de Republyk, mar no waard dat hieltyd dúdliker sichtber. It tal ynwenners fan Fryslân waakse noch wol, mar net mear sa bot as yn oare provinsjes. Ekonomysk gong it minder en hieltyd mear Friezen lutsen fuort, benammen nei Hollân. Wie Fryslân yn de tiid fan de Republyk nei Hollân noch it gebiet mei de measte ynwenners, stadich waard Fryslân wat dat oanbelanget ynhelle troch provinsjes lykas Gelderlân, Brabân, Limburch en Oerisel.

Lykwols kentere de tiid stadichoan en ûntstienen der wer wat ferbetterings, benammen op it ekonomysk mêd. De súvelyndustry ûntwikkele har fierder yn Fryslân, it sette Fryslân wer op de kaart. Yn de measte doarpen waarden súvelfabriken delset. De Fryske lânbou, mei útsûndering fan It Bilt, gie harren talizzen yn de feefokkerij, de Fryske ko waard in symboal foar de provinsje.

Yn de earste helte fan de tweintichste ieu wienen de sosjaal-demokrasy (SDAP) en de anty-revolusjonêre partij (ARP) de sterkste politike bewegingen yn Fryslân. Benammen troch de politikus en Frysk dichter Piter Jelles Troelstra hat it sosjalisme yn Fryslân in sterke basis krigen. In oar belangryk sosjalist wie Ferdinand Domela Nieuwenhuis, dy't troch it kiesdistrikt Skoatterlân yn 1888 as earste sosjaal-demokraat yn de Twadde Keamer komt.

[bewurkje seksje] Twadde Wrâldkriich (1940-1945)

Kazemat by Koarnwertersân op de Ofslútdyk.

De Twadde Wrâldkriich begûn mei de oarlochsferklearringen fan Grut-Brittanje en Frankryk yn 1939, nei de Dútske oanfal op Poalen. Yn de iere moarn fan 10 maaie 1940 foel it Dútske leger by syn operaasje Fall Gelb de Benelúks oan. Oer Nijeskâns, Emmen en Coevorden kamen 18.000 man Dútske soldaten opsetten de kant út fan de kop fan de Ofslútdyk. Nederlân kapitulearre fiif dagen nei de ynfal, wêrmei't de Dútske besetting fan Fryslân begûn.

[bewurkje seksje] Besettingsbestjoer

Mei de ynfal fan it Dútske leger yn Nederlân flechten de ministerried en de keninginne. It lânsbestjoer - regear en parlemint - waard fergongen troch in tal Dútske funksjonarissen (Generalkommisare) ûnder lieding fan in Reichskommisar Seyss-Inquart. Der kaam gjin nij amtlik apparaat; de ministearjes en de legere oerheden fan foar de kriich koenen ûnder it besettingsbestjoer bestean bliuwe.

It bestjoer op provinsjaal nivo foel sa goed as wei. De Rykskommisaris hie syn fertsjinwurdigers (Beauftragte) yn de provinsjes. De fertsjinwurdiger fan Fryslân wie de East-Fries Ross.

De oerheidstsjinst foar oarder en feilichheid waard ûnder de lânlike General Kommisar für das Sicherheitswesen yn twa dielen splitst; de Sicherheitspolizei (SIPO) yn unifoarm en Sicherheitsdienst (SD) yn boarger. It provinsjaal kantoarke foar de beide tsjinsten siet yn Ljouwert oan it Saailân. Foar de kontakten mei de pleatslike polysje soarge de Ordnungspolizei, fanwege har unifoarm Grüne Polizei neamd.

Foar it lânsbestjoer kaam der in Dútsk besettingsbestjoer. De legere oerheden bleaunen, útsein de provinsjes, yntakt. Yn 'e rin fan de tiid waarden de sittende boargemasters ferfongen troch NSB boargemasters.

Fan it Dútske leger kamen ferskate lytsere ûnderdielen nei Fryslân. De Fleanbasis Ljouwert waard útboud ta in fleanbasis. Yn de earste oarlochsjierren wurkje party Friezen op de fleanbasis en krije in bêst lean.

[bewurkje seksje] Ideology

It grutte nije Dútslân moast in Germaansk ryk wurde, dat steaten mei ynwenners fan in minderweardich ras oerhearske en eksploitearre. De Friezen waarden as Germanen sjoen, en as Germanen eare. Fûl tsjinstanner fan dy ideology wie de Noard-Fries Jens Emil Mungard.

De Fryske beweging yn de Twadde Wrâldkriich krige yn it earstoan alle romte fan de besetter om in plakje te sykjen yn it ramt fan de Nije Oarder. As fertsjinwurdigers fan de Reichskommisar beneamden hja yn Fryslân en Grinslân minsken út East-Fryslân. Op it mêd fan taal waarden troch de Dútsers ferskillende tasizzingen dien, om de Fryske beweging mar oan de Dútske kant te krijen. Foar de Dútsers wie dat frij simpel: hja koenen de bewegingsminsken fan foaroarlochske ynterfryske kontakten. Yn de simmer fan 1940 waard troch de bestjoeren fan de Fryske Selskippen in Trijemanskip beneamd om lieding te jaan oan de Fryske beweging. It bestie út E. B. Folkertsma foar it kristlike part fan de beweging, J.J. Kalma foar it 'neutrale' en R.P. Sybesma foar it fassistyske. It Trijemanskip hold it út oant de jierwiksel 1940-41. Kalma en Folkertsma easken fan Sybesma dat er ophâlde moast fassistyske propaganda te meitsjen of oars op te stappen út it Trijemanskip. Sybesma keas foar it lêste.

Yn East- en Noard-Fryslân besochten de Dútsers op oare manieren de Friezen oan har kant te krijen. Op 28 augustus 1944 joech Adolf Hitler it befel om by de Dútske Noardseekust lâns in Friesenwall te bouwen. In ferdigeningswurk mei tankfuorgen fan fiif meter breed en fjouwer meter djip, fersterke mei bunkers. Yn 1933 waard it boek 'Der Schimmelreiter' fan de Noard-Fryske nobelpriiswinner Theodor Storm ferfilme. Yn de film waard it Fries-wêzen idealisearre. Oan 'e oare kant ferbeaën de Dútsers it Noard-Frysk as ûnderwiistaal.

[bewurkje seksje] Kultuer

Yn gjin tiid hat de fraach nei Fryske boeken sa grut west as yn de besettingsjierren. Fan 1942 ôf wie foar hast elke publikaasje tastimming nedich fan de besetter en de skriuwer moast lid wêze fan de Kultuerkeamer. Guon Fryske skriuwers dienen dat. Yn septimber 1943 koe de Fryske Bibel ferskine. Printer Jongbloed te Ljouwert hie it papier al foar de oarloch ynslein. De hiele oplage fan 5.000 eksimplaren wie yn ien dei útferkocht. De Fryske tydskriften waarden yn 1942 ferbean; it Algemien Frysk Jongereinblêd krige earst yn 1944 in publikaasjeferbod. De auteurs dy't krekt foar de oarloch nei foaren kommen wiene yn it 'Boun fen Frysk-nasjonale Jongerein' waarden dêrtroch yn har driuw om harsels te uterjen opkeard. Fedde Schurer samle wurk fan jongere dichters foar it yllegale literêre tydskrift De Rattelwacht, mar dat koe net earder as yn de simmer fan 1945 ferspraat wurde.

[bewurkje seksje] Ferset

Stânbyld fan Titus Brandsma yn Nymwegen.

De Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB) tocht te sintralistysk en de Ljouwerter NSB wie te stedsk. It Frysk Faksistefront en de Fryske Folkspartij wiene dêrfoaroer te Frysksinnich. Sa krige de NSB in relatyf leger persintaazje stimmen as yn oare provinsjes en wie Fryslân yn 1939 de iennichste provinsje sûnder in nasjonaal-sosjalist yn Provinsjale Steaten.

Yn Noard-Fryslân wienen leden fan de Foriining for nationale Friiske iepentlik tsjin it nasjonaal-sosjalistyske rezjym. De grutte mearderheid fan de Noard-Fryske befolking en fan de East-Friezen seagen harsels as Dútske folksstam en stimden foar it begjin fan de kriich massaal foar de NSDAP.

Hoewol't der net safolle stipe wie foar de nasjonaal-sosjalistyske polityk, wie der seker yn de begjinjierren gjin fûl ferset. Titus Brandsma wie ien fan lytse groep minsken dy't yn de begjinjierren fan de kriich tsjin de besetter wie. As fersetsaktiviteiten út de begjintiid kinne it sammeljen fan militêre ynformaasje neamd wurde en it útjaan fan yllegale kranten. Stadichoan ûntstie der in foarm fan ferset dat him rjochte op minsken dy't op de ien of oare manier te lijen hienen fan de besetting, lykas de eardere kommunisten.

Yn de rin fan de jierren krigen fersetsgroepkes kontakt mei elkoar en ûntstiene der netwurken fan fersetsgroepen. Frijwat Joadske ûnderdûkers koenen mei dêrtroch in plak krije yn Westlauwersk-Fryslân. Yn de lêste faze fan de kriich, nei de ynvaazje yn Frankryk (july 1944), kaam der in goed organisearre fersetsbeweging fan ’e grûn, dy’t sels in aktive rol spylje koe by de help oan de Kanadeeske befrijers yn april 1945. De Fryske fersetsgroepen kamen troch Britske droppings boppe Fryslân oan in wapenreau foar 3000 man. Op 13 april kaam de befrijing foar Wolvegea, Dokkum in dei dêrnei, Ljouwert waard frij op 15 april, Makkum op de 18e. De Dútske soldaten op de eilannen waarden sa't it like fergetten, op 12 juny waarden de lêste soldaten fan Skiermûntseach nei Wilhelmshaven brocht.

[bewurkje seksje] Televyzje en kompjûter (1945-2000)

Nei de Twadde Wrâldkriich is it earste wat folget in gesachsferoaring. It Dútske legerbestjoer is fuort, en de bestjoerlike sitewaasje fan foar de Twadde Wrâldkriich komt werom. De Friezen yn Dútslân foelen tusken 1946-49 ûnder de Britske besettingssône. De ynfrastruktuer yn Europa moast weropboud wurde.

Fryske studint wurdt op Kneppelfreed fêstnommen troch de polysje.

De frijheid dy't nei ôfrin fan de Twadde Wrâldkriich ferwissige like, waard yn de jierren 1948-51 wer yn 'e kiif steld. Yn 1948 krigen twa molktapers út Aldeboarn om it brûken fan it Frysk in rjochtsaak. Der wie ferheftige krityk fan de haadredakteur fan de Hearrenfeanster Koerier, Fedde Schurer. Yn 1951 wie der in lyksoartich ferhaal. In tredde en lêste rjochtsaak wie op 16 novimber 1951. De reboelje bûten de rjochtseal krige de namme Kneppelfreed. In dei dy't o sa bepalend wie foar de offisjele status fan it Frysk.

Yn 1955 wiene by it Grinslânske doarp Slochteren grutte foarrieden ierdgas ûntdutsen. Fjouwer jier letter pas waard dat feit bekend makke. Dêrmei wie in grutte en rike boarne fan ryksynkomsten bleatlein. Mar omdat it ierdgas eins haadsaaklik yn de grûn fan Grinslân en nei letter bliken die ek – mar dan minder as yn Grinslân – yn Fryslân en Drinte siet, waard it gas ûnderwerp fan politike en finansjele easken fan noardlike aksjegroepen, politike partijen en bestjoerders. Sûnder súkses lykwols.[3]

Nei de Twadde Wrâldkriich feroaret der yn Fryslân gâns. Der wurde hieltyd mear diken oanlein wêrtroch de minsken mobiler wurde. It skûtsje wurdt definityf ferfongen troch de frachtwein en de motor-binnenfeartskippen.

Yn de sechtiger jierren liket it stadichoan wat better te gean. Der wurde in protte nije huzen oplevere en de minsken hawwe wer jild foar lúkse produkten. Revolusjonêr is de komst fan de televyzje, wêrtroch de minsken bylden fan oer de hiele wrâld sjen koenen. De sechtiger jierren wie kultureel fernijend troch de komst fan subkultueren lykas flowerpower en it hippy-wêzen. De jongerein wie kritysk oer it gesach en makke him los fan âlde gewoanten. De útfining fan de antykonsepsjepil befoardere de seksuele revolúsje. Seks en fuortplanting waarden tenei los fan elkoar besjoen, en oer it tema seks wie net langer mear in taboe. De ferbettere ekonomyske sitewaasje, it opkommen fan de subkultueren en de seksuele revolúsje late ta de yndividualisearring. Froulju krigen dêrtroch in gruttere frijheid, mei troch de bettere foarsjennings dy't in relative finansjele ûnôfhinklikens mooglik makken.

Yn 1962 hâld elkenien de siken yn as der in atoomkriich driget tusken de Feriene Steaten en de Sowjetuny. Yn Fryslân wie der gjin grutte oanhing foar de kommunistyske partij lykas yn it easten fan Grinslân, mar dochs heger as it lanlik gemiddelde. Yn de jierren sechtich en santich krige de kommunistyske partij, mei troch de prostesten fan reade studinten, wat nije leden. Troch de yndividuele ûnôfhinklikens komt der feroaring yn in ferpyldere maatskippij. Mei dêrtroch ûntstie yn Fryslân it ferskynsels fan de flechtige kiezer. De Fryske Nasjonale Partij yn 1961 oprjochte en groeide út ta in mienskipspartij.

Oaljekrisis by in bensinestasjon yn 1979 yn de Feriene Steaten.

Yn de jierren santich begjint in tiid fan ekonomyske delgong. Mei de oaljekrisis wurdt de grutte ferheging fan oaljepriis yn 1973 en 1979/80 bedoelt. De oarsaak fan de oaljekrisis wie de politike ûnrêst yn it heine easten. Yn de santiger jierren feroaret de bestjoerlike yndieling fan East-Fryslân en Noard-Fryslân. By in bestjoerlike weryndieling yn Sleeswyk-Holstein wurde op 26 april 1970 de trije bestjoerlike 'Landkreisen' Eiderstedt, Husum en Südtondern gearfoege yn it 'Kreis Nordfriesland'. It greeflike East-Fryslân foel bestjoerlik ûnder it 'Regierungsbezirk Aurich', dat de stêd Emden en de hjoeddeiske Krite Auwerk, Lier en Wittmund omfieme. Yn 1978 waard dat Regierungsbezirk gearfoege mei it nije Regierungsbezirk Weser-Iems, dat yn 2004 opheft waard.

Troch de tanimmende mobiliteit feroare de doarpsfunksje. Minsken wennen der net langer omdat se op it doarp wurken, mar keazen fakentiden sels om op in doarp te wenjen. De rêst en in feilich plak foar jonge bern wienen de belangrykste redenen dêrfoar. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren waarden grutte wenwiken by de doarpen boud, dy't troch tsjinstanners dêrfan 'grize skimmel' neamd waarden. Foar de boeren is yn de twadde helte fan de tweintichste ieu in protte feroare. In part is emigrearre, in part hold der mei op, en dyjingen dy't trochgongen mei de buorkerij moasten flink útwreidzje. Sa moasten de greidboeren troch de delgeande molkpriis aardich wat mear kij ha om noch bestean te kinnen.

Yn de njoggentiger jierren fan de tweintichste ieu komt de kompjûter. Bern boarten mei de (spul)kompjûter. Heiten en memmen krigen, faak troch it wurk, kompjûterkursussen. En it ynternet is it nije medium. Op it ynternet hie elkenien troch it brûken fan in sykmasine hiel gau alle mooglike ynformaasje ta syn foldwaan. Om koart te kriemen hawwe de subkultueren, goede ekonomyske omstannichheden, mobiliteit, emansipaasjestriid, televyzje en ynternet yn de twadde helte fan de tweintichste ieu tige bydroegen oan de yndividuallisearring fan de mienskip.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Fierder lêze

[bewurkje seksje] Boarnesamling

  • Bergsma, W.; Oer Fryske skiednis nei de midsieuwen. Fryske Akademy, Ljouwert 1993. Akademy-nûmer 774. Stúdzje en Boarnemateriaal nûmer 16. 163 siden.
  • Karl-Peter Knööp; Quellen und Materialien zur nordfriesischen Geschichte. Nordfriisk Instituut, Bräist (Noard-Fryslân) 1992, NF Akadeny-nûmer 113. ISBN 3-88007-192-6

[bewurkje seksje] Literatuer

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mulder, L., Doedens, A.,Kortlever, Y. Geschiedenis van Nederland, van préhistorie tot heden.1989.
  2. Frisians first to recognize USA (sjoen op 23 feb. 2010)
  3. Konsepttekst ‘canon’ Fryske skiednis, drs. K. Huisman, 23 feb. 2008 (sjoen op 20 feb. 2010)

[bewurkje seksje] Keppeling om utens



Alkoholizm strój kąpielowy F.H.U. Kusza salon Impregnacja drewna 2